Lees hier ons Privacy Statement en Cookie Statement
donderdag 21 juni

Cultuurzaterdag, 28 april 2018

Ferwnderjend winkelje op Voorstreek
Jelte Albada
Elke dei hat wol in mystearje. Dat is san bytsje de earste sin en ek de basis fan de slagge LF2018-foarstelling De wereldburgers van de Voorstreek fan Tryater. Beppe Costa, Nynke Heeg, Raymond Muller en Tamara Schoppert litte s in ferwnderjende reis meitsje lns de winkels oan de Voorstreek yn Ljouwert.
Ynterviews mei de winkellju binne de basis foar dizze foarstelling. Regisseur en betinker Ira Judkovskaja en co-regisseur Aukje Schaafsma ha mei de spilers flarden t dy ynterviews helle en litte dy moai yninoar rane ta in talich teatermystearje.
De Voorstreek hat in mjoks fan lde famyljebedriuwen en nijkommers mei de woartels rnom yn de wrld. Sa kriget de foarstelling ek in mjoks fan Nederlnsk, Ljouwerters en Frysk. Al priuwend oan de taal ha de spilers har de aksinten fan de winkellju eigen makke. Se sette dermei de ferskillende karakters treffend del en bringe s as fansels fan de iene winkel nei de oare. Sa skept Tryater in boeiend byld fan de Voorstreek.
De foarstelling spilet op in bysndere lokaasje midden tusken de winkels drt it om giet. De brede etalaazje fan foarhinne Bever Sport bringt s as fansels yn winkelsfearen. Goed fn want it jout wat ekstras oan dizze al ferrassende foarstelling: de ynteraksje mei de wrld bten. Dy rint en riidt de hiele tiid foar de ruten del as in libjend dekr. Minsken stoarje ek fernuvere de etalaazje yn, reagearje sa no en dan. Oarsom litte de spilers har ek ferrasse en pakke se moai op wat der bten foar it rt bart.
Wilens fertelle de spilers s de ferhalen fan soannen en dochters dyt yn it bedriuw fan har lden rlje en fan nijkommers dyt op de Voorstreek har plan wiermeitsje. Komyske ferhalen fan ferealens en waskmasines. Oangripende ferhalen fan flechtsjen foar geweld en earmoede. Huverige spkferhalen oer bernelden op souder en doarren dyt sels fan slot geane.
De spilers sjitte fan it iene ferhaal nei it oare en fan de iene sfear nei de oare mar de snes rinne hiel knap floeiend yninoar oer. De akteurs spylje mei rst en de goed troffen muzyk fan Beppe Costa jout soms sels in gefoel fan ferstilling. En dochs hat de foarstelling gong en fleane wy as yn in achtbaan oer de Voorstreek. It makket dat we s ferwndere meinimme litte troch dizze foarstelling.
It is, om it mei de wurden fan Voorstreeker Wobbe van Seijen te sizzen, ,,een mysterie. Je moet het niet uitleggen maar je er aan overgeven om er in te komen, anders verdwijnt het weer. Dizze foarstelling fan Tryater is san mystearje dat it mear as wurdich is om jin oan oer te jaan.
Wereldburgers van de Voorstreek fan Tryater. De Voorstreek, Ljouwert. Belangstelling 150 minsken (fol), noch te sjen oant 30 maaie, www.tryater.frl

Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties