Lees hier ons Privacy Statement en Cookie Statement
donderdag 21 juni

Cultuurvrijdag, 15 mei 2009

Wergea lit syn keunstkes sjen yn sirkustinte op Grut Palma
Ruurd Walinga
It kin allegearre net op by it iepenloftspul fan Wergea dit jier. Dns, muzyk, keunstkes, in wetterballet en benammen skitterende kostms. Al hoewol iepenloftspul. In grutte, kleurrike sirkustinte soarget der oars foar dat it barren dit jier net echt yn e iepen loft is. Se sitte nder seil. En dat jout bysndere mooglikheden foar de stifting dyt yn 2005 foar it lst in iepenloftspul (Lucky Manuelo) hold.
Cascada hjit de famyljefoarstelling dyt justerjn yn premire gien is. It ferhaal is basearre op ferhalen fan de Ingelske skriuwer Lewis Carroll (1832-1898): Alices Adventures in Wonderland en Through the Looking Glass. Dizze ferneamde berneferhalen binne ferfilme troch de Disney-studios en der binne ek ferskate teaterfoarstellings fan makke. Yn de ferhalen spilet in jong famke de haadrol, it famke besiket grut te wurden snder har bernlike wrld kwyt te reitsjen. Yn it boek n it stik wurdt boarte mei de regels fan taal en logika.
Alice, yn it Fryske stik, Lyske, hat in wichtige, grutte en drege rol. Sa no en dan set se dy moai del, mar ferskate kearen, benammen ynt begjin, wie har timing krekt net goed. Krekt foar it skoft doet se straf krige fan e keninginne en gefangen nommen waard, wie it nuver dat se net bang wie. In famke dat bedrige wurdt mei de dea is ommers benaud, deabenaud. It kontrast yn emoasjes hie it stik omheech helje kind.
Fan de btenkant liket Cascada geweldich; ien en al spektakel. Minsken sweve yn e loft, in aardich muzykorkestje bringt tapaslike muzyk, de dnsers meitsje hieltyd wer yndruk mei harren moaie kreaasjes, der is sa no en dan wat humor en net te ferjitten it poadium dat ferskate nivos hat en op it ein sels hielendal feroaret yn in grutte fontein en nder wetter komt te stean. Echt hiel knap! Ek om de sirkustinte hinne is it moai oanklaaid op it nije twreidingsplan Grut Palma oan de Steande Mst Rte. Der is popcorn te krijen en skerspin. Wat wolle je noch mear. No miskien ynhld, want it giet eins nearne oer yn Cascada.
Twa oeren lang sjogge je wat keunstkes, dnskes en in moadeshow, mar it rekket net echt. Guon snes duorje ek te lang, sa as dy dns yn it begjin as de froulju mei de ljochtjes om bewege. It is faak wol wat sjerperich. Wol sitte der hiele moaie lieten by, makke troch Peter Sijbenga, dyt ek tekene foar de Fryske oersetting, mar dy komme lang net altyd t de ferve. Gewoan omdat se net goed te ferstean binne of de sangers te drok binne mei harren rol. Mar miskien wiene dat de senuwen foar de premire.
i iepenloftspul Cascada yn de Sirkustinte Grut Palma yn Wergea. Noch te sjen: 16, 17 (matinee, tferkocht), 20, 22 en 23 maaie

Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties