Lees hier ons Privacy Statement en Cookie Statement
zondag 24 juni

Cultuurmaandag, 9 februari 2004

Jongereintoaniel yn Burgum
JAN JONGSMA
It Fryske amateurtoaniel fergrizet en guon toanielselskippen ynvestearje dan ek yn de jongerein. Ien fan dy ferienings is Toanielsel-|skip Burgum. ,,Wy binne ferline jier in oare wei ynslein en geane mear mei de jongerein oan de slach”, sei foarsitter Jappy Broers freedtejűn foar de premięre fan De Bushalte , it stik dat troch in ploech sechstjin-plussers brocht wurdt.
De Burgumers soargje net allinne foar in Fryske premięre, mar it is ek de earste kear dat De Bushalte yn Nederlân spile wurdt. It oar-|spronklik Hollânske stik is yn 2002 skreaun troch Wouter van Schie fan De Like, dy’t freedtejűn de foarstelling bywenne. De Fryske oersetting is fan de Burgumers Tineke Hoekstra en Hanneke Snoek.
It stik wurdt brocht troch trettjin jonge spilers en twa mei wat mear toanielűnderfining, mar dy hawwe net de haadrollen. Alles draait om in bushokje yn in stęd. De halte moat ferdwine troch de komst fan de Q-liner dy’t de binnenstęd net mear oandocht. En dęrmei ferdwynt it bushokje, want it gemeentebestjoer hat oare plannen mei dat hoekje fan de stęd en in projektűntwikkelder ynskeakele.

Swerver

Trouwe busreizgers binne it dęr lang net mei iens en sy binne net de ienigen. It hokje hat noch in oare funksje: it is it űnderkommen fan Jan de swerver, moai spile troch Harm Kooiker. Nei’t syn frou him ferlitten hat, is er stomp rűn yn de maatskippij en dat jildt ek foar Anny, de hoer. Sy krije it nijs fan it ferdwinen fan de halte te hearren fan in pryster, fermaaklik delset troch Gerlof Hoekstra.
Der spilet him hiel wat ôf by de bushalte: âlde relaasjes wurde ferbrutsen en nije opset, drugs spylje in rol sadat sels de pryster fan syn leauwe falt en dat lęste bart ek op in oar męd! En dęr tuskentroch wurdt aksje fierd foar it behâld fan de halte. De striid wurdt oangongen mei de projektűntwikkelder en de korrupte wethâlder, in moaie rol fan Arianne Raap.
Der is noch ien dy’t de halte graach ferdwinen sjocht: autohanneler Kees. Hy sjocht brea yn it feit, dat de minsken kilometers nei de nije bushalte reizgje moatte. En oan de korrupte wethâlder wol er ek graach wat fertsjinje. Dy rol fan Kees wurdt oertsjűgjend spile troch Selma Boskma. Hoewol’t de aksjefierders harren bęst dogge foar it behâld fan de halte, kinne se net foarkomme dat de sloopploech syn wurk docht.
Yn De Bushalte sit in soad humor, dęr’t benammen swerver en kâlde kikkert Jan, mar ek hoerke Anny en de pryster wichtige bydragen ta leverje. No en dan is der |folop aksje en dat spilet him foar in part ôf tusken it publyk.
Op de útfiering fan it stik is bęst wat oan te merken, soms wurdt der noch wat wifkjend spile en rekket de faaske der wolris wat út. Mar der docht ek dúdlik bliken dat der echt wol toanieltalint by de jonge Burgumers is. De fertsjinste fan Toanielselskip Burgum is, dat der boud wurdt oan de toanieltakomst en oer dy takomst hoege se net te bot yn te sitten. Dizze ploech jongerein hat optein oan ’e slach west en dat sil yn de kommende jierren grif syn fruchten opleverje.
Utfiering: ‘De Bushalte’ troch Jongereinploech Toanielselskip Burgum
Plak: Glinstra State, Burgum
Tal besikers: 120

Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties