|
Home Regio Geloof & Kerk Opinie Economie Sport Cultuur Dossiers — populisme en de kerk — De Nieuwe Bijbelvertaling Kerkdiensten
|
Einde aan ‘half analfabetisme’
Er moet een einde komen aan het ‘halve analfabetisme’ in Fryslân. Les in de Friese taal moet net zo serieus worden genomen als les in het Nederlands, vindt de Feriening Frysk Underwiis. Het is daarom van belang dat de provincie Fryslân de gelijkberechtiging van het Fries en het Nederlands in stand houdt.
TOM DIJKSTRA & | RINDERT STRAATSMA
Yn 1985 hawwe de Steaten fan Fryslân it rapport
Fan Geunst nei Rjocht
oannommen. Lykweardigens en lykberjochtiging soene tenei útgongspunt en doel wêze fan it provinsjale taalbelied.
It Nederlânske regear hat letter mei it oannimmen fan it Europeeske Hânfest foar regionale en minderheidstalen ek fêstlein dat yn it primêre ûnderwiis yn Fryslân in fiks part (substantial part) fan it ûnderwiis yn it Frysk oanbean wurde moat.
By it fêststellen fan de kearndoelen foar it Frysk yn it ûnderwiis yn 1993 waard dan ek útgien fan lykweardigens en lykberjochtiging. De formulearring fan de kearndoelen Frysk wie gelyk oan dy foar it Nederlânsk.
Yn ‘e praktyk fan it ûnderwiis kaam dêr lykwols net folle fan op ‘e hispel. De measte skoallen loeken har net folle oan fan de kearndoelen Frysk. As argumint dêrfoar waard gauris neamd dat dy kearndoelen ûnmooglik te heljen wiene yn ien oerke Frysk. Op himsels is dat wier, mar it slacht fansels nearne op. It is alhiel oan de skoallen hoefolle oeren oft hja oan it Frysk besteegje om de wetlik fêststelde kearndoelen te heljen.
Der is ek in grut misferstân oer wat kearndoelen no eins binne: It binne leardoelen dy’t in skoalle op syn minst oanbiede moat. Dat hoecht net te betsjutten dat elke learling dy ek hellet.
De ûnderwiisynspeksje hat in pear kear in ûndersyk ynsteld nei de posysje fan it Frysk yn it primêre ûnderwiis. Neffens it lêste ûndersyk fan 2001 soe likernôch 30 persint fan ‘e skoallen foldwaan oan it ûnderwiisoanbod neffens de kearndoelen. Dat sil in frij formele hifking west hawwe, want it liket ûnwierskynlik dat op dy skoallen it Frysk en it Nederlânsk gelyk behannele waarden.
Mei dat ûndersyk hat de ynspeksje neat dien. De ynspeksje soe allinne in sinjalearjende funksje ha. Mar doe’t der okkerdeis yn it Opsterlânske ûnderwiis problemen wiene, koe de ynspeksje wol fanwegen komme! Itselde jildt foar it ûndersyk fan Bernie van Ruyven dy’t op grûn fan ien CITO-toets konkludearre dat der yn Fryslân in efterstân wie yn rekkenjen en (Nederlânske) taal. It provinsjaal bestjoer mei kommissaris Nijpels foarop koe doe wol yn aksje komme, wylst oan de folle gruttere efterstân fan it Frysk neat dien waard. Ek yn it troch de
Leeuwarder Courant
organisearre publike debat oer de saneamde ûnderwiisefterstannen waard oan de efterstân fan it Frysk foarbygien.
Alle kearndoelen moatte sa no en dan op ‘en nij besjoen wurde. De Commissie Wijnen hie fan de minister gjin opdracht krige om ek kearndoelen foar de Fryske taal te formulearjen. It Frysk waard ferballe nei it fakultative differinsjele part fan it kurrikulum. It provinsjaal bestjoer fan Fryslân makke dúdlik dat ek foar de twadde rykstaal kearndoelen formulearre wurde moasten en sa joech it ministearje fan OC&W de SLO (Stichting Leerplan Ontwikkeling ) opdracht ek foar it Frysk nije kearndoelen te formulearjen.
Yn it útstel foar de nije kearndoelen hat de SLO gjin rekken hâlden mei de lykweardigens fan it Frysk oan it Nederlânsk. Mooglik is by dizze beslissing gjin rekken hâlden mei de bestjoersôfspraak tusken Ryk en provinsje.
Folweardige taal
Yn it earste konsept fan de SLO bleau der fan de kearndoelen Frysk hast neat oer, noch minder as dy fan in frjemde taal as it Ingelsk. Yn in saneamde ‘veldadvisering’ mei fertsjintwurdigers út Fryslân wei is it slagge de kearndoelen aardich op te heljen sadanich dat it Frysk as folweardige taal behannele waard. Mar fan lykstelling oan it Nederlânsk is gjin sprake mear.
Doe’t letter it ministearje kaam mei de net langer oan it Nederlânsk spegele kearndoelen foar it Frysk hat de provinsjale wurkgroep Frysk yn it Primêr Underwiis him yn mearderheid oan dat útstel konformearre. De wurkgroep is der blykber oan foarbygien dat de kearndoelen – dy’t ûnderwilens al by de Twadde Keamer lizze - noch wol goedkard wurde moatte troch de Steaten fan Fryslân en de Twadde Keamer en dat it loslitten fan lykweardigens en lykberjochtiging it útgongspunt is fan it hiele provinsjale taalbelied.
It yn desimber 2004 útbrochte rapport fan de wurkgroep giet net út fan differinsjaasje op skoalnivo, mar op learlingenivo. Op grûn fan taaleftergrûn fan de bern moat it taalûnderwiis sa differinsearre wurde dat alle bern optimale learresultaten helje kinne.
As op learlingenivo as minimale doelstelling útgien wurdt fan de reewilligens om it Frysk te ferstean, dan soe der gjin ferlet mear wêze fan ûntheffings foar de Stellingwerven en de eilannen. Mar dan jildt ek dat de skoallen har ynsette moatte om foar alle learlingen optimale risseltaten te beheljen, ek wat it skriuwen oanbelanget. Neffens de wurkgroep moatte alle skoallen op grûn fan harren skoalleprofyl yn it taalbeliedsplan fêststelle hokker doelstellings foar de ûnderskate groepen neistribbe wurde. Foar alle learlingen sil dan njonken it ferstean neffens ús dochs op syn minst ek it lêzen jilde moatte.
Deputearre Steaten dogge ferskate útstellen om it Frysk yn it basisûnderwiis en ek yn it fuortset ûnderwiis in ympuls te jaan. Dy útstellen kinne lykwols ek fan tapassing wêze as fêsthâlden wurdt oan de lykweardigens en lykberjochtiging en dus oan deselde kearndoelen foar Frysk en Nederlânsk. Fan it ôfswakjen fan de kearndoelen Frysk giet in ferkeard sinjaal nei de skoallen út.
As ek earnst makke wurde sil mei de ferplichting út it Europeeske Hânfest, dan sille de skoallen mear oan it Frysk dwaan moatte. Foar it brûken fan it Frysk as fiertaal yn in fiks part fan it ûnderwiis is goede behearsking fan it Frysk nedich foar learlingen, mar benammen ek foar leararen. Foar de leararen sille bylearkursussen organisearre wurde moatte. Leararen sûnder foech Frysk soene yn Fryslân net mear beneamd wurde moatte of ferplichte wurde moatte yn in bepaalde tiid dat foech te heljen. Sa'n ferplichting is neat bysûnders. Yn alle learareopliedings - ek yn Fryslân - is it Nederlânsk in ferplichte fak en wat jo ûnderwize moatte, moatte jo ek sels behearskje. Leararen sûnder foech soene yn in beskate tiid dat foech noch helje kinne. Fansels moat der ek noch hiel wat dien wurde oan it ûntwikkeljen fan goede Fryske learmiddels, ek foar it brûken fan it Frysk as fiertaal by oare fakken.
Om ien en oar te realisearjen sil fêsthâlden wurde moatte oan de útgongspunten fan it provinsjale taalbelied. Dêrom is it fan grut belang foar de takomst fan it Frysk dat Provinsjale Steaten fan Fryslân de lykstelling fan it Frysk en it Nederlânsk yn de kearndoelen net slûpe litte. Om de konstatearring dat net alle learlingen de kearndoelen helje sille, hoege dy kearndoelen net ôfswakke te wurden.
Fierders is it te hoopjen dat oangeande it Frysk yn it ûnderwiis sa njonkenlytsen in ein komt oan it ‘gedogen’. Nei fiifentweintich jier ferplichte Frysk ûnderwiis wurdt it tiid dat it heale analfabetisme yn Fryslân oanpakt wurdt. Mei tafersjoch op yntegraal taalûnderwiis en stimulearjende maatregels sille de skoallen wurk meitsje moatte fan ek ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer.
Tom Dijkstra en Rindert Straatsma, bestjoersleden Feriening Frysk Underwiis (FFU).
Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0 Reacties:
|
Advertenties
|