De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
maandag 21 mei

Geloof & Kerkmaandag, 23 april 2018

Krúspunt: oersetten is bedarre yn in nije tiid
It meitsjen fan nije liet- en Bibeloersettingen freget om in oare wurkwize. Mei nije prinsipes oangeande de kar yn wurden en teology foar de praktyk. Dat die sneon bliken op de jier- gearkomste fan Krúspunt yn Akkrum.
Nei’t foarsitter Sipke Huismans ôfrûne sneon yn Akkrum de njoggende jiergearkomste fan Krúspunt, it oekumenysk platfoarm foar it brûken fan it Frysk yn en om de tsjerke, iepene hie, liet er in liet fan Fedde Schurer (1898-1968) sjonge: In spyltúch bin ik yn Gods hân . Ien fan syn bekinde lieten út De gitaer by it Boek. Fan ’t jier is it fyftich jier lyn dat hy samar stoar.
Praktyk
De gearkomste fan Krúspunt hie as tema it oersetten fan de Bibel en tsjerkelieten yn it Frysk. De earste ynlieder wie Lútsen Kooistra, de foarsitter fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YFKE) en âld-haadredakteur fan it Friesch Dagblad .
Hy spriek oer de prinsipes en de praktyk fan it oersetten. Der binne ferskate mienings en prinsipes oangeande it oersetten fan de Bibel. Wa’t oerset moat in kar meitsje. By de Bijbel in Gewone Taal (BGT) út 2014 is dat dien. Der is keazen foar koarte sinnen en bekende wurden: it wurd ‘droefenis’ waard oerset mei ‘verdriet’ en ‘scheppen’ mei ‘maken’. By it oersetten yn it Frysk komt men ek foar sokke fragen: moat der skreaun wurde dat Maria swier wie, of wie se yn ferwachting?
Meielkoar binne yn de oersetting yn gewoane taal fjouwertûzen wurden brûkt, foar de oersetting fan it Nederlands Bijbelgenootschap út 1951 wie de wurdfrekwinsje folle grutter, nammentlik 11.000. YFKE tinkt nei oer in nije Bibeltoersetting yn it Frysk. De kommisje hat in jier tiid krigen om nei te tinken oer de prinsipes en de mooglikheden. Der wurdt hope dat in soad minsken har oppenearje sille.
De twadde ynlieder oer in nije Bibeloersetting yn it Frysk wie de klassikus en teolooch Liuwe Westra, de auteur fan de koartby ferskynde oersetting fan it evangeelje fan Mattéus: Lokkich binne jimme! (Royal Jongbloed, 2018). Westra sei dat de bêste útgongspunten foar in Bibel-oersetting net bestean. It giet om it doel: wa hawwe wy foar eagen as wy mei in oersetting begjinne?
Oersetters moatte op ’e hichte wêze fan de ûntjouwings yn de teology en de taal. Oer dat lêste waard opmurken dat de learlingen fan it kristlik fuortset ûnderwiis yn Burgum mei klam sein hiene dat in oersetting him net rjochtsje moat op de sprektaal: yn de omgongstaal brûke party minsken it wurd ‘gefangenis’, mar yn in Fryske Bibel past it wurd ‘finzenis’.
Westra yllustrearre de útgongspunten en de realisaasje dêrfan yn fjouwer Fryske oesettings fan Mattéus 28, fers 1-10. De Fryske Bibel fan 1978 hat bygelyks fers 4 sa oerset: ‘De wachters waarden sa kjel, dat se skodden deroer, en se waarden sa wyt as in deade. Westra syn oersetting is: ‘En dy’t wacht holden skodden deroer en waarden as deaden, sa bang wiene se’.
Jûnsliet
It nije Fryske Lieteboek . Sjonge en bidde thús en yn tsjerke (2015) hat ien fers mear as syn Hollânske wjergader, sa fertelde Bob Pruiksma. It giet om Liet 269a, de jûnbea fan Gysbert Japiks: No’t dizze dei mei oere en tiid ferrûn is . Nei’t de oanwêzigen útlis krigen hiene oer meldij en tekst songen se dat liet mei ynmoed. Dat jilde ek foar in part fan de nije lieten fan dûmny David de Jong. Doe’t De Jong syn earste oersettings makke hie, stjoerde er syn wurk nei dûmny Bernard Smilde. It oardiel wie, om it hoeden te sizzen, net al te posityf. Troch it oparbeidzen mei Atze Bosch en Grytsje Kingma folge in fruchtber learproses. Syn lieten oer ‘âlde wiisheden en moderne twivels‘ komme yn in noch te ferskinen bondel mei as wurktitel Psalmen fan no . It is in oersetting fan lieten fan Psalmen voor nu .
Nei’t in foarum ûnder lieding fan Alex Riemersma praat hie oer it ferfolch, giene de oanwêzigen nei de Akkrumer Terptsjerke foar in fesper ûnder lieding fan Geart Bruinsma. Begelaat troch Geart van der Heide klonk oan de ein dêrfan Liet 425: Wy gean mei jo segen bliermoedich ús wegen . De lytse fjirtich oanwêzigen, allegear sjongleafhawwers, songen as klysters; it die jin suver tinken oan in evensong .
Yn de moarnsgearkomste naam skriuwer Warner Veltman ôfskie; syn opfolger is Jan van der Mark. Foarsitter Sipke Huismans en de administrateur-skathâlder Piet Miedema wiene ek ôfgeand, mar troch it ûntbrekken fan opfolgers hâlde hja de leie noch in hoartsje yn hannen. Miedema krige net allinnich tank foar it finansjele belied, mar ek foar syn wurk as behearder fan de tige ynformative webside.
www.kruspunt.frl

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

Geloof & Kerk
Familieberichten
Advertenties