De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
dinsdag 21 november

Cultuurmaandag, 21 augustus 2017

Folwoeksenen op in skoalreiske yn e bus
Sammelplak is it Mei in lde museumbus de Tsjkemar om. Undertusken wurde de passazjiers fermakke mei de foarstelling Op stap.
Sneontejn wie it wer sa fier. Nationaal Openbaar Vervoermuseum (NOV) yn Ouwsterhaule. De opstappers dyt wat betider komme, kinne dit museum dat al wer acht jier bestiet, noch even besjen. Drnei wurde se fermakke yn e bus troch de jonge teatermakker Folkert. De begjin tweintiger hat in fierstente grut unifoarm oan fan in ld Fram-bussjauffeur. Mei syn wat lbige en lde stim en ndogenske blik t de eagen is hy in sympatike gids dyt de bus al gau oan it laitsjen krijt. En as Adri de Boer in pear lieten ynset wrbyt de reizigers meisjonge kinne, sit de stimming der goed yn. Seker as Folkert lns giet mei twa pden snoepkes.
Folkert hat foar in mini-tswaaikomitee soarge, twa koffers mei en hat in flearms yn in doaske as swart-rider meinommen. Hast op it ein fan e reis wurdt de flearms troch it dak fan de bus frij litten. Wat de grap dr fan is, is net ien ddlik. Dat jildt foar wol mear saken. Want wrom koffers meitgje en der neat mei dwaan. Eins binne der in hiele protte losse ein-tsjes. Dat je tinke: wat is hjirfan no de grap of de kl. Seker as er de resinte oanslach yn Spanje keppelje wol oan in besite oan Salou dyt er ea brocht mei syn Fryske maten op klompen en dat wat t de hn rn. De ferhalen ha net folle nivo, net folle djipgong.
Folkert moat it ha fan syn mimyk, jongesachtige tstrieling. En hy krijt syn publyk wol mei. Hy makket der in wier skoalreiske fan. Hy lit syn folwoeksen reizigers as skoalbern hobbelje yn e bus, fan rjochts nei links lavearje, ferstopje nder de stuollen. It is ien grutte gimmestyk-oefening. Frjemdernch fertelt er neat oer it moaie lnskip om de Tsjkemar hinne, wylst dr moaie sagen oer te fertellen binne. It iennichste wat er fertelt oer de bus, dy soe fjirtich jier ld wze, kloppet net mei wat op in plakkaat stiet yn e bus. De autobus 4710 is yn 1958 flevere. Fanwege it karakteristike bgde foarrt, drt jns it ljocht fan it ynterieur fan de bus net yn reflektearre, waard de bus ek wol bolramer neamd. Ja, wat moatte je dr fan tinke...
En dan is sjonger Adri de Boer der ek noch. Hy fiert yn novimber fan dit jier dat er al tritich jier optreedt mei syn ferskes. As er yn de bus mei syn gitaar sjongt en spilet is er kwalik te ferstean hoewolt er wol fersterke wurdt. Dat leit oan it lawaai fan de motor fan de bus. De twa kear dat de bus even stilstiet, komt er better ta syn rjocht. Op it ein fan de reis set er in ferske yn dat er oan it begjin ek al spile hat. As er dr achter komt, be-gjint er gau in oaren. Nei oardeloere sit de reis derop. De passazjiers hawwe op stap west, mar wrhinne? Folwoeksenen koene werom yn e tiid, de lderwetske geur opsnuve fan de bus, snobje en har wer even bern fiele.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties