De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.

zondag 22 oktober

Cultuurdinsdag, 19 april 2016

Fryske strip en app moatte Europa yn
Leeuwarden - Fryslân hat der mei koarten in nij eksportmiddel by: in ynnovatyf digitaal stripboek dat ek maklik yn oare talen útjûn wurde kin. Nei de Fryske lansjearring fan it stripboek en de app kinne oare minderheidstalen yn Europa folgje.
It earste idee fan in digitaal stripboek mei in meartalige ynstek wie fan Anne Tjerk Popkema en Tryntsje van der Steege. Utjouwerij Regaad út Grins hat it projekt oppakt en nei in heger plan tild. It ferhaal is in bewurking fan Jules Verne syn ferneamde ferhaal út 1872, In wrâldreis yn 80 dagen. De tekeningen binne fan Roelof Wijtsma, dy’t earder ek De skipsjonges fan Bontekoe (2015) foar Regaad yllustrearre hat. Oer senario en tekstbewurking hat in team gear west ûnder lieding fan Bert-René Luimstra.
Tagelyk mei de app komt der in papieren fersy fan de strip. De app befettet lykwols ekstra’s, lykas lûdsfragminten en animaasjes. Neffens Popkema fan Regaad is der noch nea earder soksawat útbrocht. De app is ûntwikkele troch Buro Klei en is goed te brûken foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis.
De app wurde op 25 maaie presintearre op it Underwiiskongres fan it Cedin yn it Adverium yn Drachten, it stripboek in dei letter.
Regaad rjochtet him op de produksje fan Fryske oersettings yn heechweardige en orizjinele útjeften, mei as doel de Fryske lêsbefoardering.
Regaad is yn 2013 oprjochte as inisjatyf fan de Fryske Grinzers Peter Boersma, Bert-René Luimstra, Anne Tjerk Popkema en Hielke Visser.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties