De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.

zaterdag 21 oktober

Achtergronddonderdag, 25 oktober 2012

Kulturele haadstęd: it begjin fan nije fleur
Oer it kulturele haadstędprojekt 2018 is yn de ôfrűne jierren yn Fryslân fűleindich redendield. Mocht it slagje om it yn 2018 safier te krijen dat Ljouwert dan haadstęd fan Europa hjitte mei, dan hat it net in maklik paad west om dęr te kommen.
Goffe Jensma
Alderearst al moast, doe’t bliken die dat in provinsje him hielendal net kandidaat stelle koe en allinnich stęden dęrfoar yn de beneaming komme, it inisjatyf oernommen wurde troch de stęd Ljouwert. En űnderwilens rűn ek de organisaasje fan it projekt soms frijwat briker as dat sillen hie. It projekt hat sa in soad glysterige ombochten makke.
Lang om let hat de dream om Ljouwert yn de Europeeske etalaazje te setten lykwols in fęstere foarm fűn. Dy stiet gearfette yn it resint ferskynde bidbook fan de ‘kandidaat kulturele haadstęd Ljouwert’. Dat boek is it offisjele, mei in soad arguminten űnderboude en projektútstellen oanklaaide fersyk oan Europa om Ljouwert ta Europeeske kulturele haadstęd te meitsjen. Der leit dęrmei in stik dat hooplik aanst de Europeeske sjueryleden oertsjűgje kinne sil, mar dat no al bliken dien hat ek de skerpste tsjinstanners yn de stęd en yn de provinsje meikrije te kinnen.

Entűsiasme

Wat yn dit bidbook benammen opfalt - en mooglik is dat in reden foar it oanboazjende entűsiasme - is hoe’t der in twingende ferbining lein wurdt tusken de sosjaal-ekonomyske problemen fan de stęd Ljouwert en de omlizzende provinsje Fryslân oan de iene kant en de rol dy’t keunst en wittenskip spylje kinne om dy problemen op te lossen.
Dat beneamen fan problemen en net fan fertsjinsten is in sintrale gedachte. In kulturele haadstęd wurdt net keazen omdat in stęd bisűndere prestaasjes levere hat of fanwegen de belangrike rol dy’t se yn it ferline faaks spile hat. Oarsom, om kulturele haadstęd wurde te kinnen moat in stęd it krekt oandoare om skerp har eigen maatskiplike en ekonomyske swaktes oan te wizen.
Tagelyk moat se plannen betinke om, yn’e mande mei har boargers, dy problemen op te lossen. De kearngedachte fan Europa oer kulturele haadstęden is dat kultuer en kultuermakkers en wittenskip en wittenskippers dęrby in rol spylje as oanjagers, as lju dy’t de problemen sichtber meitsje en meihelpe op te lossen. Want dat is węr’t wittenskippers en kultuermakkers goed yn binne.
Sa’n bidbook is dus eins in maatskiplik en kultureel probleemoplossingboek. It wol needsaaklike feroarings bewurkje foar de ynwenners fan Ljouwert en fan Fryslân.
Dy urginte problemen binne yn it bidbook ek beneamd. Hoe krije wy yn Ljouwert/Fryslân ús kultuer en natuer duorsum? Hoe fine wy de goede miks tusken Fryske kultuer fan binnenút en fernijende globale kulturele ympulsen fan bűten? En treds, hoe kinne wy soargje dat wy yn Europa sichtber binne en kend wurde?
Omdat it yn dit stikje (skreaun fanwegen de Waadakademy) giet om de rol fan wittenskip lit ik de kulturele kant hjir fierder lizze. Wat de wittenskip oanbelanget is dúdlik dat net allinnich foar de sosjale of de kultuerwittenskippen in rol weilein is. Dy fakken kinne bygelyks de eigenheid fan Fryske kultuer yn in grutter ferbân sichtber meitsje of oanjaan hoe’t dy Fryske plattelânskultuer miskien wol folle minder stridich is mei de wrâldwide stędskultuer as dat ornaris tocht wurdt. Mar ek bčta-wittenskippen ha hjir in belangrike rol; dy beneame en űndersykje de problemen dęr’t wy tsjin oanrinne sille as wy net op duorsume wize omgeane mei ús omjouwing en mei de natuerlike diversiteit, bygelyks op it o sa kwetsbere Waad.

Geweldige kâns

Wat it Kulturele Haadstędprojekt ta sa’n útdaging makket en ek ta in geweldige kâns foar Ljouwert en Fryslân is de kombinaasje fan krachten dy’t hjir bondele wurde kin om in needsaaklik proses fan maatskiplike en kulturele fernijing op gong te krijen. Wy kinne alderearst de aginda (en it jild) fan Europa brűke om de eigen problemen te beneamen en op te lossen. Tagelyk kinne wy yn dit publyksevenemint ússels - it publyk, de Fryske mienskip - aktyf behelje by de oplossing fan dy problemen en dęrby kinne wy treds ek nochris nije kânsen skeppe foar (de organisaasjes fan) keunst en wittenskip yn Fryslân. Op in iepen, űndernimmende en effektive manier.
Soe it slagje, dan wurdt Kulturele Haadstęd 2018 net allinnich mar in grut kultuerevenemint, mar in kearpunt yn de manier węrop’t wy yn Fryslân besteane en ús bestean belibje. It begjin fan nij selsfertrouwen en fan nije fleur.
* Goffe Jensma is heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins
* www.2018nl/publieksversie-bidbook/
* Dit artikel kaam ta stân op inisjatyf fan de Waadakademy

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 1


Reacties:

De versmelting van stad en platteland in het "bidbook" is een mooie eerste (op)stap naar de gemeente Friesland: de enige kans zo lijkt het om in de toekomst Friesland als eenheid te bewaren.

J. Verbeek, Leeuwarden - maandag, 5 november 2012


achtergrond
Familieberichten
Advertenties