De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
dinsdag 21 november

Sportdinsdag, 30 maart 2010

Straks bestaat kaatsen alleen nog in historische boeken

De Stichting Freonen fan it Keatsmuseum, oprjochte yn 1993 om de doelstellingen fan it Keatsmuseum te stypjen, belibbet drege tiden. It bytsje jild dat it museum alle jieren fan it Keatsbûn krijt is mei in pear tûzen euro werombrocht nei sântûzen euro en de op himsels prachtige lokaasje yn it sintrum fan Frjentsjer (boppe de Friesland Bank) foldocht yn de fierste fierte net langer oan de easken dy’t steld wurde oan in hjoeddeisk museum. It is ien fan de redenen wêrom’t it Keatsmusuem net yn it Nasjonaal Museumregister opnommen wurde kin, ta grutte argewaasje fan de Freonen dy’t fine dat it Keatsbûn yn har propagandaprogramma te min gebrûk makket fan it museum.

Edward Jorna
De Freonen wurde der suver aaklik en mislik fan, mar dan is der alle jierren wer De Keatsfreon dy’t lêzers, makkers en Freonen bliid makket. Yn it sechsde nûmer wer rom oantinken foar ûnderwerpen dy’t de ‘klassike’ media (radio, tillevyzje, kranten en no ek ynternet) meastentiids lizze litte. Net yn kleur, lykas ferline jier by it earste lustrum, want ja: der moat goed op de sinten past wurde. En dat dogge de Freonen, dy’t oars wol hieltyd grutter en grutter wurde. Rom 450 binne it der op dit stuit. Foar in tientsje it jier stypje sy net allinnich it Keatsmuseum, mar krije se dus ek De Keatsfreon yn de bus.
Dat lêste sil grif meihelpe om it ledetal omheech te driuwen, want ek dit jier wer steane yn it blêd, dat ienris yn it jier ferskynt, nijsgjirrige ferhalen. Fansels ûntbrekt sporthistoarikus Pieter Breuker fan Ljouwert ek dit jier net. Breuker nimt de lêzer mei nei de earste grutte nasjonale en ynternasjonale sportmanifestaasje dy’t ea yn ús lân holden waard: dy fan Skeveningen yn 1892. Op dy ‘Internationale Sport-, Visscherij- en Paardententoonstelling’ (fan 1 juny oan en mei 2 oktober 1892) waard ek keatst.
Breuker dûkte de argiven yn en fûn út dat dat earst net it doel fan de organisaasje wie, reden wêrom’t de Friezen pas frege waarden doe’t de manifestaasje al lang en breed oan de gong wie. Miskien dat PC-bestjoerslid/-foarsitter (1882-1929) Rients Koopmans de organisaasje op it keatsen wiisd hat. Koopmans wie net allinnich in baas keatser, hy koe dêrneist ek knap biljerte, goed genôch om syn kinnen ek op grutte wedstriden sjen te litten. Sa wied er ien fan de meidoggers oan it ynternasjonale biljerttoernooi fan ein juny yn Skeveningen.
Oft it krekt sa gien is is dreech te efterheljen, mar feit is dat de hiele keatserij yn Skeveningen op in teloarstelling útdraaide. De list telde seis partoeren (fjouwer út Fryslân en twa út Súd-Hollân) en de keatsdei moat ferfeelsume lang west hawwe. Mear as in hantsjefol folk kaam der ek net op de partij ôf. Dat hie grif te krijen mei de ûnbekendens fan it keatsen yn Skeveningen en wide omkriten en ek de foar in bûtensteander ûnbegryplik lykjende spulregels sille in beswier west hawwe. De Friezen hiene oars gjin problemen mei de Hollanners, dy’t wend wiene om de bal fia in tamis - in skean steande seef op trije poatsjes - yn it spul te bringen. Yn it Fryske spul, dêr’t mei keatst waard yn Skeveningen, koene se amper yn en as dat al slagge dan sloegen de Friezen de measte ballen fuort. Priiswinners waarden úteinlik Johannes Bierma (Sint Jabik), Jan Reitsma (Penjum) en Eeltsje Kooistra (Wytmarsum).
Hiel aardich en tige nijsgjirrich is ek it ferhaal fan Theo Kuipers oer hoe’t it de Freulewinnaars fergien is. Kuipers socht út hoefolle fan de yn totaal 310 ferskillende Freulewinnaars letter ek op de PC stiene. Kuipers telde der 129, sa’n 42 prosint fan alle Freulewinnaars. Dat is gjin leech per-sintaaszje want meastentiids driuwt in ôfdielingspartoer, en by de jeugd al hielendal, op ien sterke keatser. Noch in moai kwisfraach dêr’t yn De Keatsfreon antwurd op jûn wurdt is dizze: hoefolle kearen is it bard dat alle keatsers fan it winnende Freulepartoer letter ek útkamen op de PC? It barde seis kear, troch de priiskeatsers fan Frjentsjer (1909), Wier (1938), Peinjum (1959 en 1981), Stiens (1971) en Berltsum (1994).
Yn totaal ha 25 keatsers sawol de Freule as de PC wûn. Ut it oersjoch fan Freulewinners dy’t ek de PC wûn ha blykt dat fierwei de measten echte toppers wienen want fan dy 25 ha mar leafst 17 faker as ien kear de PC wûn. Mei-inoar ha se 64 kear in PC-oerwinning op har namme stean. De meast súksesfolle wie Teade Zijlstra fan Wytmarsum, dy’t yn 1917 de Freule wûn en letter ek noch njoggen (!) kear de PC.
In blêd dy’t histoarje, kultuer en dokumintaasje folop gerak jaan wol soe wol ris tefolle trochslaan kinne nei it ferline. Dat hat De Keatsfreon ek wol in hantsje fan (hân), sûnder dat dat oars ferfelend is. Dochs is it moai en sjoch ek ris nei de takomst. Dat docht Wio Joustra yn syn ferhaal mei turntrainer Tjalling van den Berg en skriuwer fan it boek Coachen; vinden, binden, scoren. Van den Berg, ek âld-keatstrainer, leveret yn it stik flinke krityk op keatsers en bestjoerders.
‘Kaatsers zijn over het algemeen ‘sa stiif as in ruter’. Natuurlijk zijn er uitzonderingen: Sake Porte, Daniël Iseger, niet toevallig beiden goede handballers. Maar de meeste topkaatsers verkeren nu in winterslaap. Ze voetballen misschien nog wat, maar ze eten zich vet. Ze zijn niet het hele jaar met hun sport bezig’. Simon Minnesma en André Tolsma wiene neffens Van den Berg de positive útsûnderings. ‘Rolmodellen die hun sport boven de middelmaat weten uit te tillen’.
Van den Berg fynt dat de keatssport stil stiet. En stilstân is efterútgong. ‘Sporten over de hele wereld zijn op alle fronten veranderd. Hoe kan de KNKB het zich dan veroorloven om niets te doen? Behalve het perk verbreden en de opslag loslaten? Neem afstand van die verstikkende tradities. Als het zo doorgaat, bestaat het kaatsen straks nog slechts in historische boeken. En dat zou te belachelijk zijn voor woorden, want het is een goedkope en in principe populaire sport in Friesland’.
De ‘turngoeroe’ tinkt dat de sport holpen is as boppenoan de ljedder echte lieders komme te stean. De ‘Foppe en Riemer’ fan de keatssport? ‘Tjisse Wallendal en André Tolsma. Een man met visie en een man van de uitvoering’.
i Losse nûmers fan de Keatsfreon jilde 8,95 euro (eksklusyf ferstjoerskosten) en binne te krijen by Jan Metselaar fan Deinum, tillefoan: 058-2542654.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

sport
Familieberichten
Advertenties