De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
woensdag 22 november

Cultuurvrijdag, 15 mei 2009

Wergea lit syn keunstkes sjen yn sirkustinte op Grut Palma
Ruurd Walinga
It kin allegearre net op by it iepenloftspul fan Wergea dit jier. Dūns, muzyk, keunstkes, in wetterballet en benammen skitterende kostśms. Al hoewol iepenloftspul. In grutte, kleurrike sirkustinte soarget der oars foar dat it barren dit jier net echt yn ’e iepen loft is. Se sitte ūnder seil. En dat jout bysūndere mooglikheden foar de stifting dy’t yn 2005 foar it lźst in iepenloftspul (Lucky Manuelo) hold.
Cascada hjit de famyljefoarstelling dy’t justerjūn yn premiźre gien is. It ferhaal is basearre op ferhalen fan de Ingelske skriuwer Lewis Carroll (1832-1898): Alice’s Adventures in Wonderland en Through the Looking Glass. Dizze ferneamde berneferhalen binne ferfilme troch de Disney-studios en der binne ek ferskate teaterfoarstellings fan makke. Yn de ferhalen spilet in jong famke de haadrol, it famke besiket grut te wurden sūnder har bernlike wrāld kwyt te reitsjen. Yn it boek én it stik wurdt boarte mei de regels fan taal en logika.
Alice, yn it Fryske stik, Lyske, hat in wichtige, grutte en drege rol. Sa no en dan set se dy moai del, mar ferskate kearen, benammen yn’t begjin, wie har timing krekt net goed. Krekt foar it skoft doe’t se straf krige fan ’e keninginne en gefangen nommen waard, wie it nuver dat se net bang wie. In famke dat bedrige wurdt mei de dea is ommers benaud, deabenaud. It kontrast yn emoasjes hie it stik omheech helje kind.
Fan de būtenkant liket Cascada geweldich; ien en al spektakel. Minsken sweve yn ’e loft, in aardich muzykorkestje bringt tapaslike muzyk, de dūnsers meitsje hieltyd wer yndruk mei harren moaie kreaasjes, der is sa no en dan wat humor en net te ferjitten it poadium dat ferskate nivo’s hat en op it ein sels hielendal feroaret yn in grutte fontein en ūnder wetter komt te stean. Echt hiel knap! Ek om de sirkustinte hinne is it moai oanklaaid op it nije śtwreidingsplan Grut Palma oan de Steande Mźst Rūte. Der is popcorn te krijen en sūkerspin. Wat wolle je noch mear. No miskien ynhāld, want it giet eins nearne oer yn Cascada.
Twa oeren lang sjogge je wat keunstkes, dūnskes en in moadeshow, mar it rekket net echt. Guon sźnes duorje ek te lang, sa as dy dūns yn it begjin as de froulju mei de ljochtjes om bewege. It is faak wol wat sjerperich. Wol sitte der hiele moaie lieten by, makke troch Peter Sijbenga, dy’t ek tekene foar de Fryske oersetting, mar dy komme lang net altyd śt de ferve. Gewoan omdat se net goed te ferstean binne of de sangers te drok binne mei harren rol. Mar miskien wiene dat de senuwen foar de premiźre.
i iepenloftspul ‘Cascada’ yn de Sirkustinte Grut Palma yn Wergea. Noch te sjen: 16, 17 (matinee, śtferkocht), 20, 22 en 23 maaie

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties