De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.

donderdag 14 december

Cultuurdonderdag, 23 februari 2006

Rink van der Velde-priis foar Harmen Wind
GERBRICH VAN DER MEER
Drachten - De twajierlikse Rink van der Velde-Priis, ynsteld troch de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij bv, is woansdei takend oan skriuwer Harmen Wind foar syn roman It ferset (2004). De priis is ornearre foar de auteur dy’t - yn neifolging fan Rink van der Velde - Frysk proaza skriuwt foar in breed publyk.
Yn 2003 wûn Wind mei de Hollânsktalige ferzy fan it boek, Het verzet , al de Debutantenprijs voor literair proza.
It ferset is in ynkringend ferhaal oer hoe in heit en in soan elkoar út leafde en ûnmacht tekoart dwaan kinne. Homme syn iennichst hâldfêst is it leauwe yn God. Yn de ortodokse boarch fan erfskuld, oardiel en ferjouwing fielt er him thús. Dat hâldfêst is ek foar Hessel ornearre. Mar Hessel set him dêr tsjin ôf. Ferwidering en ûnbegrip is it gefolch oant Hessel ta it ynsjoch komt dat syn heit slachtoffer is fan syn eigen stelligens. Ek yn syn leauwe.
,,Harmen Wind hat in autobiografysk portret fan in heit skreaun, dat folslein oertsjûget. It is ynteger skreaun, mei leafde, mei humor, mei emoasjes, mar it wurdt nearne sentiminteel’’, seit it sjueryrapport. ,,It ferset fan Harmen Wind is in boek, dat je rekket, je meinimt, dat hast in stikje famylje wurdt.’’
Foarsitter fan de sjuery, Aly van der Mark neamde yn har sjueryrapport fierder de skriuwster Neeltsje Bonnema as twadde grutte kânshawwer. Mei har ferhalebondel Rachlan beandere se oertsjûgjend oan de kritearia dy’t oan dizze priis ferbûn binne. Werlêzing fan beide boeken late úteinlik nei de priiswinner Harmen Wind.
Yn in koarte reaksje, dy’t net tared wie - oant it lêste stuit wie geheim bleaun wa’t de priis krije soe -, referearre Harmen Wind oan de roman De alchemist fan de Braziliaanske skriuwer Paulo Coelho dy’t er krekt lêzen hie. Yn dat boek sei er, ferlit de haadpersoan syn bertedoarpke yn Spanje om op reis te |gean mei as doel in skat te finen. Uteinlik treft de haadpersoan in man dy’t him fertelt dat er dreamd hat dat der yn in Spaanske doarpke in skat leit. Fan dy roman, sei Wind, binne miljoenen eksimplaren ferkocht. ,,Mar dat ferhaal hawwe wy yn dat lytse Fryslân ek. It is gewoan in oare ferzy fan ús Fryske folksferhaal It |pealtsje fan Easterlittens .” Mei oare wurden, ornearre Wind, wat litera-|tuer ta wrâldliteratuer makket of júst ta folksliteratuer lykas it wurk fan Rink van der Velde, kin hiel arbitrair wêze. En wat it ferhaal fan Coelho oanbelange: ,,Ik haw besletten, ik |bliuw mar thús”. Ta beslút winske er himsels mei in kwinkslach ta dat der ek miljoenen eksimplaren fan It ferset ferkocht wurde soene. Oan de priis is in jildbedrach ferbûn en in byldwurk fan Anne Woudwyk.

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties