De website frieschdagblad.nl maakt gebruik van cookies.
vrijdag 20 april

Cultuurvrijdag, 2 september 2005

Tryater fiert fjirtichjierrich bestean

Tryater bestiet kommende wike fjirtich jier. Fjirtich jier âld miskien, seit it selsskip sels, mar likegoed fjirtich jier jong. Want Tryater sit fol mei nije ideeën. Sawol it weromsjen as it foarútsjen sil sintraal stean yn de feestwike. Mei as wichtichste ympuls: de yntroduksje fan it Dreamlabfűns.

GERBRICH VAN DER MEER
Dat Hans Man in ’t Veld twa jier lyn oanlutsen is troch Tryater as direkteur en artistyk lieder fan Tryater hat neffens him alles te krijen hân mei de nije koers dy’t it bestjoer farre woe: ferjonging en fernijing fan it selsskip. De artistyk lieder hie wat dat oanbelanget goede papieren: as artistyk lieder fan de Regie-oplieding fan de Amsterdamse Hogeschool der Kunsten en as dosint by ferskillende keunstfakopliedings hie hy goed sicht op wat der yn Nederlân omrint oan talint.
Mei de yntroduksje fan in Dreamlabfűns wol Tryater dy ferjonging en fernijing in bewuste ympuls jaan. ,,Tryater is als theatergezelschap in die veertig jaar enorm gegroeid’’, fertelt Man in’t Veld, ,,maar het is nu tijd om een nieuwe generatie acteurs aan ons gezelschap te binden die Friese roots heeft en/of de Friese taal machtig is. Met het Dreamlab willen we acteurs zoals Tamara Schoppert en Thijs Feenstra die al jaren op projectbasis bij ons werken, maar ook nieuwe acteurs zoals Nynke Heeg en Hans Kroodsma, Constance Kruis en Alyt Damstra een thuis bieden.’’
Hans Man in’t Veld is wat nije oanwaaks oanbelanget optimistysk. ,,Komend seizoen spelen er bijvoorbeeld twaalf jongeren mee in onze voorstellingen, Fries talent die een kunstvakopleiding hebben voltooid. Als je het talent van de Fryske Jeugdtheaterschool fan Hilde Mulder daar bij optelt lijkt het voor de toekomst allemaal heel gunstig.’’

Reservoir

It Dreamlab is in laboratoarium dęr’t Tryater in idee, in űnderwerp of in nije tekst ‘teatraal’ űndersiket en presintearet foar in ynteresseare publyk lykas Freonen fan Tryater. Doel fan it lab is om yn alle gefallen in reservoir oan oanbod te krijen, dat eventueel letter yn it regulier repertoire oannommen wurde kin.
It lab is ek in plak dęr’t benammen jonge akteurs en teatermakkers har fierder űntwikkeljen opliede litte kinne en dęr’t de artistike dreamen wier makke wurde kinne, fertelt de artistyk lieder. ,,Het Dreamlab kun je beschouwen als een kweekvijver voor eigen talent. Een plek om nieuwe ideeën aan te dragen en te krijgen. Dat gebeurt trouwens ook wel bij andere theatertoneelgezelschappen. Denk bijvoorbeeld aan het Nationaal Toneel dat voorstellingen geeft op de zolder van de Koninklijke Schouwburg in Den Haag. Maar het is nieuw dat wij die jonge acteurs een sterkere plaats willen geven in het vaste ensemble.’’
It dreamlab is nammers net allinnich foar jonge akteurs. It is ek it plak dęr’t dekor- en kostúműntwerpers telâne kinne. En sels musisi sille har dęr sa út en troch thús fiele kinne. ,,Een muzikaal projekt als Sielesâlt van Nynke Laverman is daar een prachtig voorbeeld van.’’ It dreamlab sil neffens Man in’t Veld ek útstrieling nei oare dissiplines ta hawwe. ,,Een jonge toneelschrijver heeft er bijvoorbeeld niets aan als zijn scenario op de plank blijft liggen en in het uiterste geval in een leesrepetitie wordt doorgenomen. Als het echt gespeeld wordt, ziet de schrijver of iets wel of niet werkt en hoe. Daar leert hij van en daarmee geef je de ontwikkeling van hem een kans.’’
Jong, âld, Man in’t Veld hat der eins wat muoite mei om yn dy termen te praten. ,,Een vaste speler als Jan Arendz heeft de energie en inventiviteit van ‘in jong hynder’,’’ niks âld dus, ,,maar we moeten ons er gewoon van bewust zijn dat die fase niet eeuwig duurt.’’ Hoewol’t it Dreamlabfűns oprjochte is om foaral dy jonge akteurs en teatermakkers by en om Tryater hinne in kâns te jaan, is it lokkich net sa dat dęrmei it fęste ensemble (Marijke Geertsma, Jan Arendz, Klaasje Postma, Romke Toering en Aly Bruinsma) allinnich mar tasjen mei. ,,Ook de vaste acteurs draaien gewoon mee in het Dreamlab.’’
It Dreamlab wurdt sa in beskiedend űnderdiel fan Tryater. Mar dęrmei kriget Tryater net in oar gesicht, seit Man in’t Veld mei klam. ,,Onze opdracht is gewoon datgene vast te houden wat goed is. Dus blijven wij volwassenentheater, kinder- en jeugdtheater op locatie maken. Daarnaast houden we ook gewoon onze onderwijstheaterprojecten. De activiteiten richting de jeugd willen we de komende jaren echter versterken. En het Dreamlabfűns helpt ons daarbij.’’
Dat Steatssekretaris Medy van der Laan de ôftraap jaan sil fan it Dreamlabfűns is in opstekker foar it toanielselsskip. ,,Van der Laan houdt zich terdege op de hoogte van de ontwikkelingen hier’’, wit Man in ’t Veld. ,,Tryater mag zich wat dat betreft veel onbescheidener opstellen’’, fynt de regisseur. ,,Wij zijn goed en hoeven ons dus echt niet te laten ondersneeuwen door toneelgezelschappen zoals die uit de Randstad.’’
Tryater hopet yn de rin fan de kommende jierren it fűns fierder út te bouwen troch űnder oaren bydragen út it bedriuwslibben en partikulieren.

Rude

Dat Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip Maria van der Hoeven ek by it jubilearjende teaterselskip op besite komt is noch sa’n polityk sinjaal. Sy sil kommende moandei in rippetysje bywenje fan it nije űnderwiisteaterprojekt Rude, in teaterstik foar jongeren út it fuortset űnderwiis oer ‘in syktocht nei identiteit en eigenwearde’ en nei ôfrin mei de spilers yn petear gean. ,,Cultuur heeft een taak in maatschappelijke veranderingen’’, seit de artistyk lieder. ,,Door onze vorige onderwijstheaterprojecten, Geweld, Nee! en Walther P5 , hebben we laten zien dat cultuur iets in het onderwijs teweeg kan brengen.’’, Theater is geen theorieboek. Wij zijn in staat iets te maken wat hart en lijf beroert van de jongeren die in deze turbulente maatschappij opgroeien. Met haar komst erkent Van der Hoeven dat.’’

Vertel een vriend | Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties